Blunders gemeente by De Trije

10 sep 2010 - 12:05

De gemeente Frjentsjerteradiel hat blundere yn it foartrajekt fan de nije sporthal De Trije yn Frjentsjer. Dat lieten riedsleden tongersdei witte yn de riedsgearkomste. De sporthal wurdt in lytse twa ton djoerder yn ferbân mei it oanbringen fan ekstra doarren en de oanlis fan in ferhurde wei achter de sporthal.

Der wie hurde krityk op de gong fan saken en de fraach fan de ChristenUnie wie oft de oanstjoering fan de gemeente wol profesjoneel genôch is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)