Louis Bakker út gemeenteried

GrienLinks-riedslid Louis Bakker fan Tytsjerksteradiel ferlit nei 12,5 jier de ried. Bakker is mei-oprjochter fan GrienLinks Tytsjerksteradiel en draacht it stokje no oer oan Brigitta Meinema út Hurdegaryp. Dat wie ek al it doel by de riedsferkiezings fan begjin dit jier, mar Meinema moast noch in stúdzje ôfmeitsje.
Louis Bakker hat him foaral ynset foar de duorsumens, earlike hannel troch Fairtrade produkten en natuer. Hy nimt op 23 septimber ôfskie fan de ried.