Plysje siket fytser Feinsum

De plysje wol graach yn kontakt komme mei in fytser dy't ôfrûne wykein yn de nacht fan sneon op snein mooglik in oanriding feroarsake hat op de Brédyk by Feinsum. In 43-jierrige frou fytste dêr midden yn de nacht mei in freondin en kaam yn botsing mei in fytser mei mooglik de namme 'Sietse'.
De ûnbekende man hat efkes mei de froulju praat en is doe wer fierder fytst. Troch de oanriding hat it slachtoffer in harsenskodding en ferwûnings oan de holle oprûn.