Auto yn 'e brân stutsen
Yn Drachten is ôfrûne nacht op De Orion in auto yn de brân stutsen. Omstanners ûntdutsen it fjoer en warskôgen de helptsjinsten. Undertusken rieden se oare auto's fan it terrein om sa foar te kommen dat noch mear auto's skea oprinne soene.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. In 40-jierrige frou út Drachten hat oanjefte dien.