Ynbraak Midstrjitte De Jouwer

10 sep 2010 - 09:59

By in winkel oan de Midstrjitte op De Jouwer is tongersdeitenacht ynbrutsen. De dieders hawwe in rút fernield om deryn te kommen. Dêrop gie it alarm ôf en wie de plysje gau te plak.

Tsjûgen hiene sjoen dat fjouwer persoanen mei doazen troch it parkje by de Sinnebuorren rûnen. De plysje hat noch socht mei in plysjehûn, mar der binne gjin oanhâldings dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)