Undernimmers minder posityf

10 sep 2010 - 09:02

Foaral ûndernimmers yn de bou en it ferfier yn Noard-Nederlân binne somber oer de omsetferwachting foar it tredde fearnsjier. Dat docht bliken út de sifers fan de Keamer fan Keaphannel Noard-Nederlân, dy't freed presintearre binne.

Sa'n 21 prosint fan de ûndernimmers ferwachtet yn it tredde fearnsjier in groei wylst 22 prosint in omsetdelgong temjitte sjocht. Yn it twadde fearnsjier dominearre it tal bedriuwen noch mei in positive omsetferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)