Keatsers 4e yn Spanje
De Nederlanske keatsploech, dy't hielendal út Friezen bestiet, hat op it EK yn Spanje in 4e plak helle by it ynternasjonaal spul. Nei in ferlerne krúsfinale tsjin Spanje waard yn de striid om it tredde en fjirde plak ek ferlern fan België mei 5-5 en 6-2.
De wedstriden lizze twa dagen achter op skema troch de stakingen op de fleanfjilden yn Frankryk. Tongersdeitejûn wurdt fierder spile mei it lokale spul. Freed folget it muorrekeatsen.