Nije oanpak oerlêst kofjesjops

09 sep 2010 - 18:04

De gemeente Ljouwert wol de iepeningstiden fan kofjesjops beheine. Neffens in plan meie de sjops tenei iepen wêze fan fjouwer oere middeis oant ien oere nachts.

Troch de oanpassing fan de iepeningstiden wol de gemeente probeare it drugsgebrûk te ferminderjen. Dêrneist moat de oerlêst fan klanten en dealers flink ôfnimme en wurdt de feiligens better. De ried moat noch oer de nije tiden te set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)