Man komt om by brân H'fean

09 sep 2010 - 16:52
  • De brân op It Hearrenfean

Der is tongersdeitemiddei in man omkommen by in wenningbrân oan de Van Dekemaleane op It Hearrenfean. Goed healwei fiven waard de brânwacht fia 112 alarmearre. De brânwacht hat foarkomme kinnen dat de brân oersloech, mar de huzen derneist hawwe wol reek- en wetterskea.

De brânwacht wie om 7 oere noch oan it neiblussen. Men koe it hús noch net yn, omdat der ynstoartingsgefaar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)