Galema listlûker CDA-Fryslân

09 sep 2010 - 16:37
  • Deputearre Sjoerd Galema

Deputearre Sjoerd Galema is de beëage listlûker fan it CDA by de kommende steateferkiezings. Hy is unanym foardroegen troch de partij. It bestjoer stelt dat Galema bewiisd hat it wurk fan deputearre goed oan te kinnen en dat hy de bêste man op it bêste plak is.

Sjoerd Galema wol de kommende tiid besykje it fertrouwen fan de kiezer werom te winnen. By de Twadde Keamerferkiezings ha in soad minsken de partij de rêch takeard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)