Opgravings Kleasterkamp los

© Omrop Fryslân
Nije wike wurde der opgravings dien by it kleasterkompleks Klaarkamp. Minister Plasterk hat bepaald dat it kompleks by Rinsumageast wetlike beskerming krijt. Yn de midsieuwen wie Klaarkamp fan grutte betsjutting. Net allinnich op religieus mêd, mar ek ekonomysk, maatskiplik en bestjoerlik wie it belangryk foar de ûntwikkeling fan it gebiet.
Grutte opgravings wurde der foarearst net dien, de resten fan it kleaster bliuwe better bewarre ûnder de grûn.