Brân dak Snitser sporthal

It dak fan de Sneeker sporthal is tongersdeitemiddei yn brân flein by wurksumheden. De beide dakdekkers dy't dêr oan it wurk wiene, krigen in soad reek binnen en binne troch ambulânsemeiwurkers fersoarge, mar se hoegden net nei it sikehûs.
Yn de sporthal wie op it momint fan de brân allinne in kantinemeiwurker oanwêzich. Dy koe himsels yn feilichheid bringe. De brânwacht koe foarkomme dat de brân oersloech nei binnen. Allinne it dak rûn skea op.