Soargen sintrumplan Drachten

© Omrop Fryslân
Sawol de opposysje as de kolleezjepartijen yn Smellingerlân meitsje har grutte soargen oer de kosten fan it sintrumplan yn Drachten. It opknappen fan it Raadhuisplein wurdt hast trije kear djoerder. Der wie rekkene op 2,4 miljoen euro, mar it kolleezje seit dat der no 6,8 miljoen reservearre wurde moat.
De oanpak fan it Raadhuisplein wurdt útwreide rjochting de Drift en dat soarget foar in soad ekstra kosten.