Fancoaches foar SC Cambuur

It Cambuurstadion
By SC Cambuur binne twa fancoaches oansteld. It giet om Johan IJselmuiden en René van Rijswijk. Van Rijswijk is in âld-spiler fan Cambuur, IJselmuiden is in âld-bokser. De twa sille supporters yn it stadion oansprekke op harren gedrach.
Ek begeliede se supporters mei in stadionferbod dy't werom komme meie by de wedstriden. Sa moat foarkaam wurde dat se op 'e nij de fout yngeane. De fancoaches sille ek aktiviteiten organisearje foar groepen Cambuurfans.