Meiprate oer knooppunt Jouwer

09 sep 2010 - 12:07

Ynwenners fan De Jouwer en omjouwing meie de kommende wiken harren stim hearre litte oer de plannen foar it nije knooppunt. Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente Skarsterlân begjinne dan mei de wetlike procedures foar ynspraak.

As earste kinne ynwenners harren miening jaan oer de miljeu-effektrapportaazje. Dizze is fjouwer wike lang yn te sjen. De ynstânsjes ferwachtsje net dat de suggestjes en kritiken in protte fertraging opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)