Motorriders Wolvegea melde har

Plak wêr de poppe fûn is.
De beide motorriders dêr't de plysje nei op syk wie yn de saak Wolvegea, hawwe har woansdeitejûn melden. De plysje socht de twa omdat se mooglik wat sjoen hawwe fan de mooglike fynst fan in poppe yn Wolvegea. De plysje hat noch net mei de motorriders praten.
In famke út Wolvegea kaam sneon by de plysje mei it ferhaal dat se in libbene poppe fûn hie. In ûnbekende frou soe it bern nei de plysje bringe, mar dat hat net plakfûn.