Dea Stynsgeaster gjin misdriuw

De 85-jierrige frou út Stynsgea dy't woansdeitemoarn ferdronken is yn har eigen doarp, is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat docht bliken út ûndersyk fan de plysje. De demintearjende frou wie sûnt woansdeitemoarn sân oere fermist. Se hat wat troch it doarp swalke.
By in fiver by in hûs oan de Gealeloane waard har slipper en jas fûn. Brânwacht en ambulânse ha noch besocht de frou te rêden, mar dat slagge net mear.