Ynbraak yn 7 auto's Tsjalbert

09 sep 2010 - 09:51

De plysje ûndersiket in searje ynbraken yn Tsjalbert. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei brutsen ûnbekenden yn by sân parkearde auto's. Ut fiif fan de sân namen de ûnbekenden ûnder oaren fotokamera's, navigaasjesystemen en ark mei. By de oare twa auto's slagge it net om yn te brekken.

Letter dy nacht brutsen se ek noch yn by de sportkantine yn it doarp en namen in jildkistje mei. Dêr siet mar in lyts bytsje jild yn. Alle belutsenen ha oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)