Lânskip ûnder de hammer

de feiling wie yn de Klinze yn Aldtsjerk
Lânskipsbehear Fryslân en de Kommersjele Klup Fryslân hienen woansdei in Fryske primeur mei de earste Lânskipsfeiling. Op oare plakken yn it lân bart it wol faker. It is in nije manier om jild op te heljen foar it opknappen fan natuer.
Dit kear koe der bean wurde op ûnderdielen fan de trije einekoaien by Aldtsjerk, Rinsumageast en Ingwierrum. De heechste bieders moatte betelje, mar wurde fansels gjin eigner.