Erfgoed Hearrenfean beskerme

08 sep 2010 - 21:50

De gemeente Hearrenfean wol it kulturele erfgoed fan de gemeente yn de takomst better behâlde en beskermje. Dêrfoar is no earst in ynventarisaasje makke. Ien en oar is fêstlein yn in nota, dêr't de kaders yn steld wurde foar hokker objekten bygelyks op de monumintelist komme moatte.

De eigners fan sokke objekten krije dêr allegear berjocht fan en ek krije se ynformaasje oer de konsekwinsjes en de mooglikheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)