Demonstraasje Ned. kuorbalteam

08 sep 2010 - 21:25

De Nederlânske kuorbalploech wie woansdeitejûn yn it Ljouwerter sportsintrum Kealledykje folle sterker as in Frysk team. Nederlân is dwaande mei de tarieding op it Europeeske kampioenskip kuorbal yn oktober. Dan is Ljouwert ek spylstêd foar de ploech fan bûnscoach Jan Sjouke van den Bos.

Fryslân mei spilers fan Mid-Fryslân, SCO, LDODK en Drachten koe lang net op tsjin it Oranje-geweld. Healwei wie it 20-6 foar Nederlân. De einstân waard 30-12.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)