Nije linkse partij yn SW-hoeke

08 sep 2010 - 15:43
  • Rien van Driel

Mooglik docht in nije linkse progressive partij mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân. Dat seit fraksjefoarsitter Rien van Driel fan de SP yn Snits. Hy is sels in mooglike inisjatyfnimmer fan de nije partij.

Van Driel stapt nei dizze riedsperioade út de SP om't er lulk is oer it beslút fan it lanlike partijbestjoer yn novimber net mei te dwaan oan de ferkiezings. Van Driel fielt him as riedslid 'geschoffeerd'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)