Oar wurk foar amtners SWhoeke

08 sep 2010 - 15:19

De 550 meiwurkers fan de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân belibje woansdei in spannende dei. As se út it wurk komme, leit der thús in brief. Dêr stiet yn watfoar wurk se takom jier dwaan moatte en yn watfoar plak.

Fanwege de ferskowings hâldt de ûndernimmingsried de finger oan 'e pols. Sa'n 250 meiwurkers binne earder al ynformearre. It giet om bazen en minsken dy't wol itselde wurk hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)