Boer Eksmoarre sels net siik

De bewenners fan de pleats yn Eksmoarre dêr't kowe-TBC fûn is, hawwe dy sykte net. Dat hat de GGD bekend makke. Dy organisaasje hat ûndersyk nei de sykte dien. De besmetting waard ein augustus fûn by it bedriuw.
Koartlyn waard dúdlik dat de kij de sykte ek oerbrocht hawwe nei oare bedriuwen. It giet ûnder oare om in bedriuw yn Drinte. Hoe't de sykte yn Eksmoarre kaam is, is noch hieltyd net dúdlik.