Aldere frou ferdronken

08 sep 2010 - 14:24
  • (Foto Jan Beets)

In âldere frou is woansdeitemoarn ferdronken yn in sleat yn Stynsgea. De demintearjende ynwenster fan Stynsgea waard sûnt sân oere moarns fermist. Se hat wat troch it doarp swalke. By in fiver by in hûs oan de Gealeloane waard har slipper en jas fûn. Dêrop waard ûntdutsen dat de frou yn in sleat bedarre wie.

Brânwacht en ambulânse ha noch besocht de frou te rêden, mar dat slagge net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)