Gjin bedriuweterrein Reduzum

Reduzum krijt definityf gjin eigen bedriuweterrein. De inisjatyfnimmende ûndernimmers út it doarp ha it heger berop ferlern.
De groep woe in eigen bedriuweterrein by it doarp, mar de gemeente hâlde de plannen tsjin. De provinsje hie oanjûn dat it bedriuweterrein net passe soe yn it streekplan. It terrein soe te fier fan de bebouwing ôflizze en dêrom net yn it lânskip passe. De Redúster ûndernimmers en doarpsbelang binne teloarsteld oer de útspraak.