Klerks (SP) stapt út Steaten

Richard Klerks, steatelid
De lanlike SP hat te min omtinken foar de belangen yn Fryslân. Dat seit Richard Klerks. Hy nimt ôfskied as steatelid. Klerks stapt út de steaten en de partij om't er net libje kin mei in beslút fan it partijbestjoer om net mei te dwaan oan de ferkiezings foar de gemeenteried yn de Súdwesthoeke.
Der is in soad ûnrêst ûnder Fryske SP-ers no't it partijburo him mei dy ferkiezings bemuoit. Ad van de Kolk, fraksjefoarsitter, twifelt ek oer syn takomst by de partij.