Rappe riders beboete

De plysje hat tiisdei yn Skartserlân en Lemsterlân kontrolearre op snelheid. Der wiene klachten oer kaam.
Op de Hege Dyk by Rotsterhaule waard kontrolearre. Fan de 573 auto's dy't delkamen, rieden 63 hurder as de tastiene 80 kilometer. Ien ried sels 39 kilometer te hurd. Op de Plattedyk op De Lemmer waarden mear as 1000 auto's kontrolearre. Dêrfan rieden 73 auto's te hurd. Op de dyk mei 70 kilometer yn de oere riden wurde.