Net bouwe bûten doarpen Skylge

08 sep 2010 - 10:36

De boustop yn it bûtengebiet fan Skylge bliuwt fan krêft. Dat hat de Raad van State bepaald. Troch de boustop kinne oant july 2011 gjin bouprojekten opset wurde bûten de doarpen. Der wiene goed 80 bou-oanfragen dien. Neffens de gemeente is dat net allinnich in tsjinfaller foar de oanfragers, mar ek foar de bou- en ynstallaasjebedriuwen op it eilân. Dy rinne no in soad jild mis.

De gemeente set no earst yn op lytsere bouprojekten yn de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)