Tribune Marsum ôfbrutsen

Op it keatsfjild fan Marsum is tiisdei de hiele jûn wurke om de tribune fan it keatsbûn KNKB ôf te brekken. Yn de nacht fan moandei op tiisdei wie de tribune op it keatsfjild omwaaid.
Troch in wynpûster bedarre de tribune foar in part yn 'e sleat. De tribune wie opbouwd foar it keatsen dit wykein yn it doarp. Der wie in grutte kraan nedich om de tribune op te takeljen. Hoe grut de skea is, is noch net te sizzen. De tribune is ôfbrutsen en sil foar it wykein ek net mear opboud wurde.