Fisy oer takomst Opsterlân

07 sep 2010 - 19:52

Opsterlân sil de kommende jierren kritysk sjen nei hokker foarsjennings der yn doarpen binne en yn de takomst komme moatte. Der wurdt tusken no en 2030 in krimp fan de befolking ferwachte en dêr wol it gemeentebestjoer rekken mei hâlde.

Bygelyks as it giet om de bou of ferbou fan skoallen, doarphuzen en soarchsintra. De gemeente hat in fisy makke oer de takomst fan de gemeente. Dêrfoar is ek praat mei ynwenners út de sechtjin doarpen fan Opsterlân

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)