Polderhoofdkanaal 2011 wer los

07 sep 2010 - 16:50

Opsterlân docht der alles oan om fierder gean te meien mei wurksemheden oan it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop. It wurk leit troch in útspraak fan 'e rjochter al moannen stil. Mar Smellingerlân en Opsterlân lykje it iens te wurden oer mearkosten en risiko's.

Der is ek in nije ûntheffing oanfrege by it ministearje fan LNV foar kompensaasjemaatregels foar de natuer. Wethâlder Jonkman tinkt dat it wurk op syn betiidst maitiid 2011 wer los kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)