Humanitas bout net yn Rottum

07 sep 2010 - 12:23
  • Foto: Omrop Fryslân

Humanitas sjocht ôf fan in projekt om 24 soarchwenten te bouwen yn Rottum. De soarchynstelling krijt de finansiering net klear. It gebou soe komme op it plak fan in eardere stjelpbuorkerij. De besteande gevel soe meinaam wurde yn it gebou dat de foarm fan in stâl krije soe.

Doarpsbelang Rottum is teloarsteld oer it beslút fan Humanitas. Tegearre mei de gemeente Skarsterlân hat der al fjouwer jier oerlis oer west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)