Drankrider wol net blaze

07 sep 2010 - 11:12

In 27-jierrige Ljouwert is moandeitenacht oanhâlden om't er mei drank op achter it stjoer siet. Hy bedrige en misledige de plysjes ek noch. De man waard op de Harnzerstrjitwei by in alkoholkontrôle mei syn auto oan 'e kant set. Om't er net blaze woe, waard er oanholden

Op it plysjeburo wegere de man ek de ademanalyse. Hy begûn de plysje te bedrigjen en te misledigjen. Dêrop waard er fêstset. It rydbewiis fan 'e man is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)