Grutte partij ark stellen
Ut in parkeargaraazje-yn-oanbou oan 'e Lemmerwei yn Snits is it ôfrûne wykein in grutte partij ark stellen. Dêrfoar binne twa konteners yn 'e fiif meter djippe bouput iepenbrutsen. Dêrnei waard foar tsientûzenen euro's oan ark meinaam lykas boarmasines en seagen.
Ferskate boubedriuwen hawwe skea troch de stellerij.