Sykaksje nei koperdieven

07 sep 2010 - 10:51

De plysje hat mei boargernet socht nei twa manlju dy't in grutte partij koper stellen hiene út in leechsteande fabryk oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. It duo waard yn it fabryk sjoen troch in tsjûge. Dy stjoerde de manlju fuort en belle dêrnei de plysje omdat er net fertroude.

De beide manlju hiene tassen by harren mei ôfknipte liedings dy't nei alle gedachten fan koper wiene. Nettsjinsteande de sykaksje binne de manlju net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)