Wettertaksy noch efkes troch

07 sep 2010 - 08:46

It projekt mei de wettertaksy dy't Amelanner bern fan en nei it spesjaal ûnderwiis op de fêste wâl bringt, wurdt foareast trochset. De bern kinne oant ein dit jier gebrûk meitsje fan de taksy, sa hat de gemeenteried moandei besletten. Fjouwer fan de fiif fraksjes tsjinnen in moasje yn om it projekt troch te setten. It CDA wie tsjin. Fan 't hjerst wurdt besjoen oft it ferfier goedkeaper kin troch de bern werom gean te litten mei de gewoane boat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)