Boargemaster teloarsteld

Boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel fynt it tige spitich dat ien fan syn wethâlders nei alle gedachten fuortstjoerd wurdt troch de oare twa kolleezjepartijen. Dat sei er moandeitejûn op in diskusjegearkomste oer de takomst fan syn gemeente.
Ferline wike waard PvdA-wethâlder Visser troch kolleezjepartijen CDA en FNP oan de kant set, om't de PvdA fusearje wol mei Ljouwert. It kolleezjeprogramma set yn op gearwurking mei de Middelseegemeenten.