Gjin 'fúzje' sikehûzen

06 sep 2010 - 22:56
  • MCL en Tjongerschans wurkje mooglik dochs net gear

It gearwurkingsferbân tusken de sikehuzen MCL yn Ljouwert en De Tjongerschans op it Hearrefean giet mooglik net troch. Neffens de Nederlandse Mededingingsautoriteit moat in fergunning oanfrege wurde foar de gearwurking.

It plan om op 1 jannewaris 2011 op te gean yn ien bedriuw slagget dêrom net. Beide sikehûzen soene dan ûnder Soarchgroep Noorderbreedte falle. It MCL falt dêr no al ûnder. De NMa docht ûndersyk en nimt dan in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)