De Vries net werom yn polityk

Jack de Vries wol net werom nei de polityk
Ald-politikus Jack de Vries is moandei troch it CDA-bestjoer belle oft er werom yn de polityk wol. Nei it opstappen fan Ab Klink is der yn de fraksje in plak frijkaam. Om't de yn Drachten berne De Vries op de lêste ferkiezingslist op plak 15 stie, waard er frege.
Hy sei dat moandei yn it tillevyzjeprogramma De Wereld Draait Door. De Vries hat oanjûn dat er gjin belangstelling hat. It is noch te gau.