Beloften SC Hearrenfean winne

06 sep 2010 - 21:27

Arnold Kruiswijk hat syn rentree makke by SC Hearrenfean. Yn in wedstryd mei de beloften moandeitejûn spile er de earste helte mei. Kruiswijk rekke hast twa moannen lyn blessearre oan 'e knibbel. Jong Hearrenfean wûn mei 4-2 fan Jong Helmond Sport. Fia Huntink en Jonsson kaam Hearrenfean twa kear op foarsprong, mar Helmond kaam twa kear op likense hichte. Yn de 69e minút kaam Hearrenefan op 3-2 troch Valpoort. Narsingh skoarde de 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)