Ofritten A6 by Sint Nyk ticht

06 sep 2010 - 18:37

De ôfritten fan en nei Sint Nyk op de A6 binne fan takom wike ôf in pear wiken ticht. Rykswettersteat wurket dan oan de provinsjale dyk tusken de A6 en it doarp, de N927.

Ferkear wurdt omlaat oer de rotonde fan De Jouwer en de ôfritten by Eastersee. Automobilisten moatte rekken hâlde mei in lytse fertraging. Op 1 oktober binne de ôfritten by Sint Nyk wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)