Flylân wol elektryske auto's

06 sep 2010 - 16:20

Gemeente Flylân ûndersiket wat de mooglikheden binne fan it gebrûk fan elektryske auto's op it eilân. De Flylânners krigen yn augustus in fragelist yn de bus wêryn't se frege waarden hoe't sy deroer tinke.

De gemeente wol wite oft eilanners oerstappe wolle op elektrysk autoriden en hoefolle oplaadpunten der dan eventueel komme moatte. It ûndersyk wurdt útfierd troch buro The New Motion út Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)