Fjirtjin tips oer lytse poppe

By de plysje binne moandei fjirtjin tips ynkaam oer de fynst fan in lytse poppe yn de berm tusken Wolvegea en De Blesse. Twa dêrfan neamt de plysje tige ynteressant. Beide tips geane oer de frou dy't de poppe meinaam ha soe.
Sneontemiddei omtrint fiif oere soe in famke út Wolvegea in lytse poppe yn in plestik pûde by de Steenwijkerweg fûn hawwe. In âldere frou dy't achter har fytste soe de poppe meinommen hawwe om him nei de plysje te bringen, mar dat is net bard.