Fragen oer trijetalige folder

06 sep 2010 - 14:15

De fraksje fan de VVD yn Ljouwert is it net iens mei de trijetalige folder fan de gemeente en Omrin. Yn in ynformaasjefolder oer ôffal brûkte de gemeente Hollânsk, Ingelsk en Arabysk.

It brûken fan de twa frjemde talen is de VVD yn it ferkearde kielsgat sketten. Neffens de fraksje moat Nederlânsk de fiertaal wêze yn de omgong mei ynstânsjes dy't subsydzje krije. It brûken in fan oare taal sil minsken net stimulearje om Nederlânsk te brûken, sa seit de fraksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)