Bouwmeester bêste siler op WK

06 sep 2010 - 14:04

Siler Roelof Bouwmeester van Warten is by it WK yn San Fransisco as bêste Nederlanner einige. Bouwmeester waard 19e yn de laserklasse. Dat wie fan alle kearnploechleden dy't mei dienen oan it WK de heechste klassearring. Op 'e lêste dei sylde Bouwmeester nei in 14e en in 18e plak.

Pieter Jan Postma, dy't net yn de kearnploech sit, einige yn de Finn klasse op it 20e plak. Hy sylde in hiel goeie lêste dei mei trije plakken yn de top 10.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)