Harrekyt lit broek sakje

05 sep 2010 - 15:28

In 20-jierrige Harrekyt is sneontenacht troch de plysje oanholden yn syn wenplak foar mislediging en it skeinen fan de earberheid. Surveillearjende plysjes seagen de man yn de Reitsmastrjitte rinnen. Doe't er de plysje yn 'e gaten krige, liet er syn broek sakje en liet de aginten syn bleate kont sjen.

De man is heard op it plysjeburo en mocht doe wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)