Tredde plak WK gersbaanraces

05 sep 2010 - 13:56
  • Dirk Fabriek (foto: Martin de Jong)

By de wrâldkampioenskippen gersbaan op de langbaan foar teams yn it Frânske Morizes is de Nederlânske ploech tredde wurden. It Nederlânske team bestiet út Mark Stiekema, Dirk Fabriek, Theo Pijper en Sjoerd Rozenberg.

Yn de B-finale rekkene de ploech yn de striid om it tredde plak ôf mei Ingelân. Dútslân waard ûnder lieding fan Matthias Kröger wrâldkampioen. Frankryk einige as twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)