Nij sportkompleks foar Oerterp

Oerterp hat in nij sportkompleks, krekt bûten it doarp. De tennisbanen, fuortbal-, kuorbal- en keatsfjilden lizze op itselfde park en de 700 leden fan de fjouwer klups hawwe sneon de nije fjilden en kantines yn gebrûk naam. Der is tolve jier oer praat, foaral oer de kosten want der moasten miljoenen op it kleed komme.
De ferpleatsing fan de fjilden waard pas mooglik doe't de gemeente de grûn dêr't de âlde fjilden op leine, ferkeapje koe om wenten op te bouwen.