Frou oanriden troch brommer

In frou fan 76 jier út De Westereen is sneon ferwûne rekke, doe't se yn har wenplak oanriden waard troch in brommer. De 18-jierrige bestjoerder ried oer de stoepe en botste dêr op de frou. Dy rekke dêrby ferwûne oan har heup en moast oerbrocht wurde nei it sikehûs.
De brommerrider hie gjin rydbewiis, ek wie syn brommer net fersekere. Dy brommer is troch de plysje yn beslach naam.